Ik Stap Oerkampanje mislearre

Oant no ta waarden 19.630 lampen ferkocht yn plak fan de plande 50.000
De Ik Stap Oer-kampanje om Fryslân oan de ledlampe te helpen, is feitlik mislearre. Dat seit Bouwe de Boer, duorsumensmeiwurker fan de provinsje. De negative berjochtjouwing oer it feit dat de lampe folle minder enerzjysunich wêze soe, hat de ferkeap bot parten spile.
Ofrûne sneon waard de kampanje, wêrby't de lampe foar 9,99 by de Poiesz te keap wie, ôfsletten. Der binne mei-inoar 19.630 lampen ferkocht. It doel wie 50.000 lampen.