Kûgelgat yn auto Boarnster

25 maaie 2009 - 10:30

De plysje is op syk nei minsken dy't op 13 maaie yn de omjouwing fan De Tynje skea oan har auto oprûn hawwe. In 38-jierrige ynwenner fan Aldeboarn ûntduts dat der in gat yn syn auto siet. It die bliken dat it om in kûgelgat gie.

Mooglik is der op dy dei tusken De Tynje en Akkrum jage. De plysje tinkt dat it hjir om in ôfswaaid skot giet, en dat mooglik mear automobilisten skea hawwe kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)