Winst foar sikehûs Hearrenfean

25 maaie 2009 - 10:22

Sikehûs De Tjongerschans op it Hearrenfean werstelt him hieltiid mear fan de finansjele problemen fan de lêste jierren. Dat docht bliken út de jiersifers fan it sikehûs dy't moandei bekend makke binne. Yn 2008 waard oardel miljoen euro winst makke.

Dy winst wurdt foar it grutste part brûkt om de algemiene reserves fan it sikehûs op peil te bringen. De Tjongerschans hat ferline jier mear minsken holpen. Dit jier nimt it sikehûs 25 ekstra minsken oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)