Oldtimer útbaarnd op De Jouwer

24 maaie 2009 - 15:27

Yn in bedriuwssammelgebou oan de Firmawei op De Jouwer is yn de nacht fan sneon op snein in oldtimer útbaarnd. In tsjûge seach reek út it gebou kommen en warskôge de brânwacht.

Dy hat de loads iepenbrutsen en de brân útmakke. Om't der kwalik soerstof wie, koe it fjoer net oerslaan nei de oare loadsen. De oldtimer der't de hiele sneon oan wurke wie is folslein útbaarnd. Nei alle gedachten is it fjoer ûntstien nei laskwurk oan de auto dat smeulen bleaun is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)