Ynbraak yn auto's Harns

© Omrop Fryslân
Op de Westerseedyk by Harns is it ôfrûne wykein ynbrutsen by fjouwer parkearde auto's. Aginten dy't dêr surveillearren seagen dat de auto's iepenbrutsen wiene.
De kontrôles oan de dyk binne de lêste tiid opfierd omdat der wol faker ynbrutsen wurdt. De auto's binne fuortsleept foar technysk spoare-ûndersyk. De eigners moatte noch oanjefte dwaan.