Motorrider rydbewiis kwyt

© Omrop Fryslân
In motorrider (34) fan Hijum is sneontejûn syn rydbewiis kwytrekke foar gefaarlik rydgedrach. De man ried mei hege snelheid oer de A31 by Harns en wikselde samar fan baan sûnder rjochting oan te jaan.
Boppedat ried er 180 der't 120 tastean is. De Hijumer hie de pech dat er ûnderwilens ek in plysje-auto ynhelle hie. De plysjes seagen dat de man op in ôfrit nei Harns in auto ynhelle en mei hege faasje útnaaide yn de rjochting fan de binnenstêd.