Taisk festival op It Fean

24 maaie 2009 - 14:22

Yn Koningshof op It Hearrenfean waard sneon in grut Taisk kultureel festival holden. It feest waard organisearre troch masseuse Ketty Tolsma fan Wolvegea. Sy die dat tegearre mei oare froulju út Tailân.

Inkelde hûnderten belangstellenden kamen nei It Hearrenfean om inoar te moetsjen en te genietsjen fan ferskate optredens. Der wie in Taiske dûnsshow, de Ram Sie Wi Chai. Fierder wie der in moadeshow mei klean fan Taiske side. Ek wiene der Taiske hapkes en produkten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)