Restauraasje tsjerke Teridzert

Foto: Lenus van der Broek
It tsjerkje fan Teridzert wurdt foar inkelde tonnen restaurearre. It heechste restauraasjepunt is no berikt. It tsjerkje is yn eigendom fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken (SAFT).
Ferwachte wurdt dat de wurksumheden ein dit jier klear binne. De pleatslike kommisje wol in goede bestimming jaan oan it tsjerkje. Tocht wurdt oan in histoarysk streekargyf, in rou- en troufunksje en kulturele en edukative aktiviteiten.