Takomst Liet 4 jier fersekere

24 maaie 2009 - 14:03

De takomst fan it Fryske sjongfestival Liet is foar de kommende fjouwer jier fersekere. De gemeente Ljouwert en de provinsje ha subsydzje tasein. Dat makke skiedend foarsitter Gerard van Klaveren sneontejûn bekend by de finale fan de 18e edysje.

Skiedend, omdat er der nei fiif jier mei ophâldt. Hy wurdt opfolge troch Yvonne Bleize, de âld-wethâlder fan Ljouwert dy't no direkteur is fan it Carthesius ynstitút. It Langstme en de Dea wûn sneon Liet 2009 mei 'Wikel'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)