Presintaasje oer miljeubelied

© Omrop Fryslân
Eaststellingwerf presintearret moandei de ideeën en mienings fan ynwenners, ûndernimmers en ynstellings oer in nij miljeubelied. De ôfrûne twa wike is der in kampanje holden, wêrby't elk ideeën oanleverje koe oer hoe't de gemeente sa duorsum mooglik de takomst yngean kin.
Sa waarden skoallen oandien en wie de gemeente ek oanwêzich by de Avondvierdaagse. De gemeente wol witte wêr't de klam op lizze moat, as it om it miljeubelied giet.