Menzo start mei selde spilers

Trainer Stanley Menzo
SC_Cambuur-trainer Stanley_Menzo feroaret neat oan de basisopstelling foar de beslissende play-off wedstriid tsjin FC Zwolle. Dat betsjut dat Mark de Vries nettsjinsteande syn geweldige ynfalbeurt opnij op de bank begjint.
De Vries skoarde freed twa kear tsjin Zwolle en brocht dêrmei de stân op 3-1. Ek Sandor van der Heide spilet fan it begjin ôf oan. Hy hat noch altyd lêst fan de hamstring, mar is fit genôch. De winner fan de wedstriid spilet tsjin Roda JC om promoasje.