'Besunigingsadvys doocht net'

24 maaie 2009 - 11:12

It advys oan it Ryk om provinsjes minder jild te jaan, doocht lang net. Dat sizze trije heechleararen. In pear moanne lyn kaam de 'Raad voor de financiële verhoudingen' mei it advys om 600 miljoen te koartsjen op it provinsjefûns. Foar Fryslân soe dat betsjutte dat der 12,2 miljoen euro minder út Den Haach komme soe.

De heechleararen sizze dat net dúdlik is wêr't de ferdieling fan de besunigingen de provinsje op basearre is. Soks is har net nei it sin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)