Winner HT-race komt út Makkum

24 maaie 2009 - 09:25

De roeiferiening Makkum hat de HT- roeirace fan 2009 wûn. Dat hat de organisaasje sneon bekend makke. De roeiers fan de boat de Twirre kamen út alle berekkeningen as bêste út de bus.

De HT-race is in handicaprace. Hy waard freed al roeid. Omdat der mear as 130 boatsjes meidiene, wie it in hiele rekkenerij om út te meitsjen wa't de winner wie. Roeiteam Orkaan fan Harns is as twadde einige, de roeiploech Mercator út Rotterdam waard úteinlik tredde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)