Harkemase Boys ferliest

23 maaie 2009 - 16:47

Harkemase Boys hat de twadde wedstriid yn de kampioenskompetysje mei 1-0 ferlern. Op sportpark De Bosk wie Rijnsburgse Boys fral yn 'e earste helte better en krige ek prachtige kânsen. Mar troch goed keeperswurk fan Jacob de Vries en in protte gelok bleau it 0-0.

Yn de twadde helte hie de ploech fan trainer Henk de Jong it ek dreech. Yn de 82ste minút makke Rijnsburgse Boys de fertsjinne winnende goal. De Boys koene sneon net bringe wat oars wol kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)