Ferfelende man op It Amelân

23 maaie 2009 - 15:31

In 24-jierrige ynwenner út Grins is ôfrûne nacht yn Hollum op It Amelân op in camping oanholden. De man wie op stap west en gie it ferkearde sliepgedielte binnen, foel dêrby minsken lestich en gedroech him hiel ferfelend.

In man dy't besocht de Grinzer fuort te krijen krige in byt yn 'e earm. De plysje moast der oan te pas komme en hat de man opsluten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)