Autobrân yn Boalsert

© Omrop Fryslân
De plysje docht ûndersyk nei in autobrân freedtejûn op de Westergoawei yn Boalsert. De plysje krige in melding dat der by in parkearterrein in auto yn 'e brân stean soe. Op it plak oankaam seagen de plysjeminsken grutte reekwolken.
De auto is hielendal útbaarnd. Normaalwei is dit part fan it terrein net iepen, mar ôfsletten troch in slachbeam. Dat wie no net it gefal. De auto wie earder stellen yn Makkum.