Tou oer dyk spand yn Snits

© Omrop Fryslân
De plysje hat freedtejûn yn de Scherhemstrjitte yn Snits trije ynwenners út dat plak oanholden op fertinking fan it besykjen ta swiere mishanneling. De fertochten binne yn de leeftiid fan 16 oant en mei 18 jier.
Se hiene in stik tou oer de dyk spand by de tunnel by de Monnikmûne yn Snits. In tsjûge hie dit sjoen en warskôge fia it alaarmnûmer de plysje. It trio koe nei in goed sinjalemint al gau oanholden wurde. De beide jonges fan 16 jier moasten op it buro bliuwe.