Winkeldief oanholden

© Omrop Fryslân
De plysje op It Hearrenfean hat freed yn gearwurking mei in boarger in 24-jierrige winkeldief út Rotterdam oanholden. De fertochte woe út in winkel oan de Dracht op It Hearrenfean in horloazje stelle.
In tsjûge seach dit en warskôge in man dy't by de yngong fan de winkel stie. Dy koe de Rotterdammer oanhâlde. De plysje wie dêrnei gau te plak om de dief mei te nimmen nei it plysjeburo. Nei it opmeitsjen fan in proses-ferbaal mocht de man wer nei hûs.