Finish kuieralvestêdetocht

De scootmobyls by de start yn Dokkum
By stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert wie sneon de finish fan de kuieralvestêdetocht. De dielnimmers ha de ôfrûne fiif dagen goed twahûndert kilometer kuiere troch Fryslân.
Sneon krigen de kuierders selskip fan fiif dielnimmers op in scootmobyl. Dy mochten allinnich oan de etappe fan Dokkum nei Ljouwert meidwaan. Dat is in ôfstân fan 27 kilometer. Oan it begjin fan de middei kamen alle fjouwer dielnimmers oer de einstreek.