Twa sloepen fêst op HT-race

22 maaie 2009 - 14:38

Twa sloepen dy't meidogge oan de HT-roeirace hawwe in skoft fêstsitten yn it Schuitegat. De twa rûnen troch in stjoerflater fêst oan 'e grûn. Mei help fan in rêdingsboat en troch eigen ynset koene se wer loskomme. Troch it opûnthâld kamen se freed om healwei trijen as lêsten oer de einstreek.

De HT-roeirace begûn freedtemoarn yn Harns. Dêr starten de dielnimmers tusken 9.30 en 10.30 oere. De earste dielnimmer kaam tsjin 12.30 oere oer de einstreek op Skylge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)