Man mei flintermes oppakt

22 maaie 2009 - 12:17

De plysje hat op It Hearrenfean in man oppakt, omdat er minsken bedrige hawwe soe mei in flintermes. De 32-jierrige ynwenner fan De Jouwer waard tongersdeitejûn oppakt nei in melding. It mes waard dêrby yn syn klean fûn.

It is by wet ferbean om in flintermes by je te hawwen. De man is fêstset op it buro. In 16-jierrige jonge hat yntusken oanjefte tsjin him dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)