Jonge mishannele yn feesttinte
In 16-jierrige jonge út Donkerbroek is tongersdei mishannele. Hy wie yn in feesttinte yn it doarp doe't er dêr spul krige. De jonge krige klappen en rekke ferwûne oan 'e holle. Hy is mei in sike-auto nei it sikehûs yn Drachten brocht.
De plysje ûndersiket de saak. Se witte wa't de dieder is, mar hawwe him noch net oanhâlden.