Boetes by miljeukontrôles

© Omrop Fryslân
By in miljeukontrôle yn it noardwesten fan Fryslân hat de plysje tongersdei in man betrape op it yllegaal ferbaarnen fan ôffal. De man hat dêrfoar in proses-ferbaal krigen.
By de kontrôle waarden yn in feart by Achlum fjouwer yllegale fûken fûn. Dy binne troch de plysje yn beslach naam, nei de eigner wurdt noch socht. Trije fiskers hiene har fiskpas net by har, sy moatte dy no sjen litte op it plysjeburo.