Jonges ferniele bushokje

22 maaie 2009 - 12:01

Trije jonges fan 16 en 17 jier út Wâldsein binne ôfrûne nacht oanhâlden foar fernielings. Se hawwe by de camping yn Ypekolsgea in bushokje stikken makke.

Campinggasten hearden in soad leven en warskôgen de plysje. Plysjes kamen de fandalen tsjin op de fyts en koene se oanhâlde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)