Leger des Heils ferhuzet

22 maaie 2009 - 11:15

Nei 92 jier ferhuzet it Leger des Heils út de binnenstêd fan Ljouwert. It gebou oan de Tunen wie te lyts en moast eins opknapt wurde, mar dat waard te djoer. Ek it parkearen wie in probleem. Dêrom sit it Leger fan takom wike ôf yn Bilgaard.

By it nije gebou yn Bilgaard komt ek wer in winkel. Dêr fekeapet it Leger twaddehâns klean. It nije gebou koste 1,7 miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)