Tal tips oer oerfal Elslo

22 maaie 2009 - 10:47

It buertûndersyk dat de plysje hâlden hat yn Elslo hat in tal tips opsmiten. Woansdeitejûn waard yn it doarp in gesin oerfallen troch fjouwer wapene manlju. De fjouwer naaiden dêrnei mei in jildbedrach út en lieten it gesin fêstbûn achter.

De plysje hat by buertbewenners lâns west en sil no oan de slach mei de ynformaasje dy't dat opsmiten hat. It gesin sels moat ek noch heard wurde. Dat koe noch net omdat it dêrfoar te emosjonearre wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)