Fakânsjewente útbaarnd

© Omrop Fryslân
By in brân op bungalowpark De Woudfennen yn Boarnsweach is tongersdeitenacht in fakânsjewente folslein útbaarnd. It giet om de wente fan in Dútser, dy't by it útbrekken fan de brân net oanwêzich wie.
Doe't er wer thúskaam ûntduts er de brân en warskôge er de brânwacht. De man gie dêrnei yn 'e hûs om syn hûn en kat te rêden, mar dat slagge net, beide bisten kamen om. De man sels rekke net ferwûne. De brânwacht hat goed twa oeren wurk hân.