Nijbou ûnmooglik by JSF

22 maaie 2009 - 10:23

Nijbou yn doarpen om de fleanbasis hinne is hast ûnmooglik as it kabinet de JSF oanskaft. It tastel makket safolle leven dat der earder huzen sloapt wurde moatte. Dat tinkt de Amerikaanske lûdstechnikus Bob Webb.

Webb wennet flakby de fleanbasis Eglin dêr't de JSF aanst stasjonearre wurdt. Út mjittings dy't Webb sels die docht bliken dat it tastel folle lûder is as earder oannommen waard. By de lâning produsearret it tastel 106 desibel, trije kear sa lûd as in F16.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)