FD siket donateurs

Jild nedich foar abonnemintefûns
It Friesch Dagblad siket nije donateurs foar syn abonnemintefûns. Ut dat fûns kinne lêzers fan it deiblêd in bydrage krije, as de kosten fan in abonnemint foar har te heech binne. De nije donateurs binne nedich omdat it tal oanfragen om in bydrage út it fûns de ôfrûne tiid omheech gien is, wylst de ynkomsten gelyk bleaun binne.
Neist nije donateurs freget it deiblêd besteande donateurs om in hegere bydrage.