Harkemase Boys pakt út

21 maaie 2009 - 20:29
Underdog Harkemase Boys slacht ta

Harkemase Boys is de striid om it amateurkampioenskip fan Nederlân yn it sneonsamateurfuotbal geweldich útein set. Yn Spakenburg waard de grutte favoryt IJsselmeervogels tongersdei mei mar leafst 4-1 ferslein.

By de rêst stienen de Boys al mei 2-1 foar troch doelpunten fan Ronald van der Heijden en Jelmer Slager. Nei de tee skoarde Slager noch twa kear. Takom sneon spylje de Boys thús tsjin Rijnsburgse Boys.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)