Tsjummearum past feest oan

© Omrop Fryslân
Yn ferbân mei it ferstjerren fan de 33-jierrige matroas Gerlof Kasma fan Tsjummearum is de feestwike dêr wat fersobere. Sa wurdt der net mear flagge en is der gjin muzyk op strjitte. It doarpsfeest is sneon 16 maaie begûn en duorret noch oant en mei snein. Alle aktiviteiten geane wol troch.
It stoflik omskot fan de matroas waard woansdei fûn yn de haven fan Sliedrecht. De man waard sûnt sneintejûn fermist.