Roosenburg nei De Jouwer

© Omrop Fryslân
Martijn Roosenburg spilet kommend seizoen foar sneinshaadklasser De Jouwer. Roosenburg spile fjouwer jier foar Cambuur en gie doe nei Cyprus. Dêr spile hy it ôfrûne seizoen foar Nea Salamina Famagusta.
Der komme mear nije spilers nei De Jouwer: Tonnis de Vries en keeper Melis van der Meer komme oer fan FC Wolvegea. Joreilly Chirino fan MSC, René de Necker en Jarno Jongsma fan Cambuur, Arnoud Koster fan SDS en Nasar Celevani fan Hearrenfeanse Boys.