Van der Heide ticht by basis

21 maaie 2009 - 13:23

De kâns is grut dat Sandor van der Heide freed spylje kin tsjin FC Zwolle. De Cambuur middenfjilder is de ôfrûne dagen yntinsyf behannele oan syn hamstringblessuere. Tongersdei trainde Van der Heide it grutste part mei de groep mei.

Cambuur spilet de twadde wedstriid fan de neikompetysje freed foar in útferkocht stadion. De Ljouwerters moatte winne om noch in tredde wedstriid te forsearjen. Yn Zwolle ferlear Cambuur tiisdei mei 2-1.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)