Penjumer halsbân opknapt

Kuierders op de nije brêge
By Penjum is tongersdeitemoarn it kuierpaad de Penjumer halsbân offisjeel wer yn eare hersteld. De halsbân is in âlde seekearing út de alfde ieu. It is oanlein troch mûntsen en lâneigners. It paad is goed 15 kilometer lang.
Mei jild fan de gemeente en de provinsje is der in brechje oanlein en is it paad better tagonklik makke. De halsbân is noch net klear. Wannear't dat sa fier is, is noch net dúdlik.