18 july Cambuur-Panathinaikos

© Omrop Fryslân
Cambuur spilet op sneon 18 july in oefenwedstriid tsjin de Grykske topklup Panathinaikos. De ploech fan de Nederlânske trainer Henk ten Cate stiet op dit stuit tredde yn de kompetysje en kin gjin kampioen mear wurde.
By Panathinaikos spylje ûnder oare âld Arsenal-spiler Gilberto Silva en Karagounis dy't mei Grikelân yn 2004 Europeesk Kampioen waard. Cambuur-Panathinaikos wurdt spile yn it Cambuur-stadion.