Ljouwerter skopt dûk yn auto

© Omrop Fryslân
In 24-jierrige Ljouwerter is woansdei oppakt nei't er in auto fernield hie. De auto stie parkeard by de Frouwepoartsbrêge. De eigner seach dat de Ljouwerter in dûk yn syn auto skopte. Hy belle dêrop de plysje en omdat er in goed sinjalemint jûn hie, koe de plysje de Ljouwerter yn de Franekerstraat oanhâlde.
De man besocht noch út te naaien, mar koe dochs oanhâlden wurde en is meinommen nei it buro foar ferhear.