Ljouwerter frou fermist

21 maaie 2009 - 11:03

De 47-jierrige Corrie Will út Ljouwert wurdt sûnt woansdeitejûn fermist. Se is yn 'e war út har hús oan 'e Moezel weigien en dêrnei net wer sjoen. Har man koe har de hiele dei net berikke en waard ûngerêst. De plysje hat dêrnei in burgernetaksje opstarten. Dat smiet in tal tips op, mar sûnder resultaat.

It giet om in frou fan 1.65 meter lang, mei heallang donkerblond hier en in slank postuer. Se hie in blauwe jas oan en suêde skuon oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)