Rangen yn De Harmonie

21 maaie 2009 - 10:43

Skouboarch De Harmonie yn Ljouwert sil takom seizoen eksperimentearje mei 1e en 2e-rangssitplakken. Foar maksimaal acht euro ekstra binne dan plakken foaroan te krijen. It giet foarearst om in beheind tal foarstellings.

Foar it slagjen fan 'e proef binne in pear betingsten. Yn 'e seal moatte gjin iepen plakken ûntstean en it moat net minder opbringe as it systeem fan kaartferkeap dat der no is. Der komt ek noch in gouden rang. Dat is de earste rige stuollen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)