'Gjin plan, gjin supermerken'

© Omrop Fryslân
De bou fan twa supermerken oan de Ljouwerterdyk yn Frjentsjer giet allinnich troch as der in goed ferkearsplan komt. Dy tasizzing docht wethâlder Miedema oan de bewenners fan de Ljouwerterdyk. Yn de buert komme twa supermerken. Omwenners meitsje har soargen oer de drokte dy't komme sil.
De dyk is foar fytsers gefaarlik omdat auto's dy't nei de supermerken wolle oer it fytspaad ride moatte. Miedema wol it shared-space idee ynfiere om de sitewaasje feiliger te meitsjen.