Falske brief yn Westergeast

Logo gemeente misbrûkt
De gemeente Kollumerlân docht oanjefte by de plysje oer in falske brief dy't woansdei besoarge is yn Westergeast. Yn de brief mei gemeentelogo stiet dat it doarp de kommende twa wike foar autoferkear ôfsletten wêze sil, mar dat is net sa. Yn de omjouwing binne wol wurksumheden oan de dyk, sa is de Stroobossertrekwei al in skoft ôfsletten foar ferkear.
De gemeente tinkt dat it om in grap giet, mar nimt it heech op dat it logo misbrûkt is.