Simulaasjehûs Piter Jelles

© Omrop Fryslân
Skoalbern fan Piter Jelles De Brêge kinne yn de praktyk leare hoe't it is om letter selsstannich te wenjen. De skoalle hat yn Ljouwert in saneamd simulaasjehûs oprjochte. Yn in echt hûs yn in echte wenwyk kinne de skoalbern ferskate húshâldlike saken oefenje. It giet earst om in proef.
Nei twa jier sil de skoalle besjen oft it projekt strukureel diel útmeitsje kin fan it praktykûnderwiis. Piter Jelles De Brêge is in skoalle foar dreech learende bern fan 12-18 jier.