Drachten krijt tydlike AH

20 maaie 2009 - 15:42

Der mei in tydlike Albert Heijn supermerk komme oan de Noardehegewei yn Drachten. Beswieren fan C1000 en Jumbo hat de gemeente Smellingerlân ôfwiisd. C1000 en Jumbo binne benaud dat de nije AH defintyf is. De gemeente hat foar de kommende 5 jier frijstelling fan it bestimmingsplan ferliend, ferlinging is net mooglik.

De boufergunning sil ynkoarten ferliend wurde. De tydlike AH is as ferfanging fan dy oan it Raadhúsplein, dy't ferboud wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)