Banen fuort by Connexxion

20 maaie 2009 - 15:10

Der ferdwine lanlik tsientallen banen by ferfierder Connexxion. Twongen ûntslaggen wurde net útsluten. De direksje hat dat bekend makke. Connexxion fersoarget yn Fryslân ûnder oare it busferfier yn Noard- en Súdwest Fryslân. Hoefolle minsken der hjir út moatte is noch net dúdlik.

Ein april waard bekend dat it bedriuw yn 2008 sa'n 25 miljoen ferlies makke hat. Grutste oarsaak binne hegere ûnderhâldskosten oan bygelyks nije bussen en de hege diselpriis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)