Bløf en Room Eleven op Oerol

20 maaie 2009 - 15:05

Oerol hat dit jier foar it earst grutte bands programmearre. Under oare Bløf en Room Eleven binne de publykslûkers. Dêrneist is der ek romte foar opkommende bands en âlde bekenden lykas Spinvis, Andre Manuel en Nynke Laverman. Foar elkenien is der neffens de organisaasje wat de finen. Der binne Nederlânsktalige optredens yn de Balkan- en folksfear, hiphop, soul en singer-songwriters. It tema fan 2009 is 'gras tussen de planken'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)