Rúzje Galama - B'him út de wei

© Omrop Fryslân
De gemeente Boarnsterhim hat de langrinnende rúzje mei akkountant Jan Galama út Reduzum bylein. Galama folge de gemeente benammen op finansjeel mêd jierrenlang tige kritysk Derby socht Galama ek de publisiteit. De gemeente die dêrop oanjefte fan smaad en ek Galama stapte nei de rjochter.
Nei in petear tusken Boargemaster Baas en Galama hawwe beide partijen besletten de rjochtsaken yn te lûken. Der is ek ôfpraten om yn de takomst iepener meielkoar om te gean.