Dronken man bedriget plysje

© Omrop Fryslân
In 47-jierrige man út Harns is moandeitemiddei oanhâlden troch de plysje foar bedriging en ride ûnder ynfloed fan alkohol. De man hie yn in kafee klanten bedrige mei in bile. Hy wie earder it kafee útset en hie de bile út de auto helle. Yn it kafee begûn hy dêrmei te swaaien en sloech in barkruk stikken. Dêrnei naaide hy út yn 'e auto. Nei in syktocht koe de plysje de man oanhâlde en die bliken dat hy fierstente folle dronken hie.