Man driget gebou op te blazen

20 maaie 2009 - 10:41

De plysje hat tiisdeitejûn in ynfal dien yn in wenning oan de Beverwykstrjitte yn Ljouwert. De bewenner hie drige om in oerheidsynstânsje op te blazen. De man hat dêr in konflikt mei. Omdat hy al earder mei de plysje yn oanrekking west hie yn ferbân mei wapens, waard de melding serieus naam.

In arrestaasjeteam hat de man út syn hûs helle. Ek de eksplosiven oprommings tjinst rukte út, mar der is neat fûn. De man sit noch fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)