BWire spilet fingers blau

© Omrop Fryslân
De Fryske band BWire is dwaande mei in muzykmaraton op radiostjoerder 3FM. De band hie him opjûn foar de aksje Indecent Proposal by it radioprogramma Stenders Eetvermaak. Yn dit item kinne bandsjes airplay winne troch opdrachten fan dj Rob Stenders út te fieren.
De opdracht fan BWire is om mear as 27 oeren non-stop muzyk te meitsjen. Dan ferbrekke se it wrâldrekôr dat earder dizze wike yn Parys helle is.