Ferbouwers yn tv-finale

19 maaie 2009 - 19:15

It bêd en brochje Lutje Lollum yn Frjentsjer makket kâns op de titel 'Beste Verbouwers van Nederland'. De eigners dogge mei oan it SBS6-tillevyzjeprogramma De Verbouwers XXL. Yn dat programma stride gesinnen út ien provinsje tsjin elkoar om de moaiste ferbouwing.

De eigners fan Lutje Lollum fersloegen alle oare Fryske dielnimmers en binne no de bêste ferbouwers Fryslân. Woansdeitejûn is de finale. Dan stride alle provinsjewinners tsjin elkoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)