Wapene oerfal Bentex Burgum

© Omrop Fryslân
Der hat tiisdei oan de ein fan de middei in wapene oerfal west by de Bentex yn Burgum. Twa maskere manlju bedrigen it personiel mei in fjoerwapen. Se fregen de meiwurkers om jild út de kassa en de klûs. De manlju krigen wol jild út de kasse, mar woene net wachtsje op it jild út de klûs. Dat duorre harren te lang.
Nei de oerfal naaide it twatal út yn in auto en rieden yn 'e rjochting fan Ljouwert. Yn de auto siet noch in tredde man.